Bookbot

Tiid fan libjen

Więcej o książce

Wat hawwe dyn âlden dien yn 'e Twadde Wrâldoarloch? En hokfoar ynfloed hat dat op dyn eigen libben? Dat binne de fragen dy't de minsken yn de roman 'Tiid fan libjen' harsels stelle. Haadpersoan Eelke, in wurkleaze learaar út de Fryske Wälden, reizget yn 1985 mei in frachtwein nei Dútslân. Hy bedarret yn Sealterlân en komt yn 'e kunde mei in famylje, dy't dêr wat achterôf op in pleats wennet: de linkse en feministyske Gretchen, har soan Peter, har mem Maria dy't geastlik yn 'e tiis is en har beppe Lize. Lize hat de skuorre fan de åld pleats ferhierd oan in jongereinferiening. Mar Gretchen en Eelke ûntdekke dat it om in groep neonazi's giet: jongeren dy't oanslaggen tariede en treend wurde om as bysûndere kommando's ynset te wurden yn it Midden Easten. Gretchen en Eelke komme yn aksje om dy ynset te ferhinderjen. 'Tiid fan libjen', de meast suksesfolle roman fan Willem Verf, is in boek dat no, hast tweintich jier nei ferskinen en sechtich jier nei de oarloch, neat fan syn aktualiteit ferlern hat.

Zakup książki

Tiid fan libjen, Willem Verf

Język
inny językIN
Rok wydania
1987
Oprawa
(miękka),
Stan książki
Dobry
Cena
64 zł

Metody płatności

Nikt jeszcze nie ocenił.Oceń

Tytuł
Tiid fan libjen
Język
inny język, holenderski
Rok wydania
1987
Oprawa
miękka
ISBN10
9033005328
ISBN13
9789033005329
Seria
Opis